Luisterboek
Blomlêzing út 'e Spaanse poëzij
Mar in hantsjefol oersettings besteane der yn it Frysk fan Spaanstalige poëzij. Dizze bondel foeget dêr gâns in tal fersen oan ta. Klaas Bruinsma lit de lêzer yn ús eigen memmetaal genietsje fan al it prachtige dat Spaanse dichters troch de ieuwen hinne skreaun hawwe, yn krêftige, linige fersrigels. De earste gedichten binne al út it iere begjin fan de sechstjinde ieu, en geande troch de tiid hinne einiget de oersetter mei in noch libbene dichter út Nicaragua, dy’t yn syn eigen lân sjoen...