Luisterboek
Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 1: Literatuer yn lytse talen
Sprekkers fan minderheidstalen beslane mei har taal minder domeinen fan it libben as sprekkers yn grutte of nasjonale talen. Der is fansels wol ferskil tusken Katalanen en Noardfriezen, en alles wat dêr tusken leit oan mooglike posysjes; it Frysk bygelyks nimt in middenposysje yn. Wat betsjut dy situaasje foar de skriuwers yn lytse talen? Wurkje de beheiningen troch yn it literêr bedriuw, of lient de eigen taal him foar alles wat literêr mooglik is en kinne de skriuwers (troch oersettingen) de...