E-book
It heksershol
It Hekserhol, in novelle fan Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869), is ien fan de hichtepunten út de Fryske literatuer fan de 19e iuw. Ek yn de Nederlânske literatuer út dy tiid is der net folle dat dizze novelle belykje kin. It ferhaal beskriuwt de op- en ûndergong fan Gosse Knop, in skarlún dy't in kontrakt slút mei de duvel. Nei de ynhâld slút it boek oan by de romantyske tradysje (byleauwe, toverkeunsten, duvels en heksen) mar de styl fan fertellen is 'modern': saaklik, spotsk en ûnmeilydsum....