Luisterboek
Jonge Friezen mei kulturele ambysje
It biedwurd 'Fryslân en de Wrâld' is hast in ieu âld. Yn dat biedwurd lizzen allerhanne idealen besletten dy't de jonge generaasje fan 1915 neistribbe: it Frysk de algemiene kultuertaal yn Fryslân, Fryske literatuer in selsstannige literatuer, kulturele ferheffing fan it folk, wrâldliteratuer oerbringe yn it Frysk, de blik rjochtsje op Ingelân en Skandinavië en net op Hollân - en mear. Yn novimber 1915 rjochte de jonge Douwe Kalma (berne yn 1896) mei in oantal meistanners de Jongfryske Mienskip...